Ea wie dit lân in feil’ge haven, dêr’t elkenien ek wolkom wie
Wy stienen klear, de earms wiid iepen en holpen wa’t dat needich hie
Der wie ús eins ek neat tefolle, sa sieten wy dochs yn elkoar
Want alles kin at je mar wolle; in iepen hert, in iepen doar
Of Hugenoat of ûnderdûker, flechtling foar oarloch en geweld
Fuort fan de earmoed en de honger, omdat elk minskelibben telt
Nee, neat wie ús ea tefolle, wy dienen graach wat foar in oar
En alles kin at je mar wolle; in iepen hert, in iepen doar
Mar dan binn’ der fan dy dwazen
Dy roppe lûd ‘dit lân is fol’
Lege hollen, holle frazen
In lege siel, ja dat foaral
Wy sjonge ‘t bêste lân fan d’ierde, de mûle fol fan ear en rom
Mar wolle wy noch skûlplak biede, sûnder te freegjen nei’t wêrom
It is ús no al gau tefolle, litte it helpen oan in oar
Mar soenen wy dat sels ek wolle: as flechtling foar in tichte doar
Dus harkje net nei al dy dwazen
Fan my om it even welke klyk
De hurdste roppers en de razers
Dy hawwe wier echt noait gelyk
Ea wurdt dit lân in feil’ge haven, in feilich plak, in feilich thús
Wy biede skûl sûnder te freegjen, en sykje net om in ekskús
Ik bin der wis fan at wy wolle, dan binne wy dochs meiinoar ien
Wa’t romte hat yn hert en holle, hat altyd plak foar elkenien
© Gurbe Douwstra, 2024
Op de wrâldreis fan myn libben
Kaam ik wêr’t de wyn my brocht
Lok wie al dêr’t ik nei stribbe
Ik ha gjin hegere doelen socht
Hoegde amper te lavearjen
Siet yn it foar-de-wynse rak
En ik wie thús yn alle havens
Mar nearne wie ik teplak
Wat in oar my ek ûnthjitte
Ik folge dochs myn eigen stream
Ik hoegde ek alles net te witten
Mar leaude yn myn eigen dream
Ik liet my noflik driuwe
Meast op de weagen fan ’t gemak
Sa rekk’ ik thús yn alle havens
Mar nearne wie ik te plak
Want al hast’ ek gouden hânnen
Rint it dy eins altyd mei
De skinne skynt net fan twa kanten
Der komme skaden op dyn wei
En dus moatst út en troch ek kieze
Ast dan mar kiest foar wêr’st yn leaust
Dû hoechst dysels net te ferliezen
Salang astû dysels mar bliuwst
‘t Is grif net altyd maklik
It paad net altyd like flak
Uteinlik fynst de goeie haven
en dan bistû teplak
Want al hast’ ek gouden hânnen
Rint it dy eins altyd mei
De skinne skynt net fan twa kanten
Der komme skaden op dyn wei
Op de wrâldreis fan myn libben
Kaam ik wêr’t ik wêze woe
Ik fûn it lok dêr’t ik nei stribbe
‘k Wist lang net of dat slachje soe
’t Hat hiel wat jierren duorre
Mar dochs rekk’ ik ûnderdak
By einbeslút de goeie haven
Net inkeld thús, mar ek teplak
By dy bin ik teplak
Do bist it gea fan griene tinten en fan lytse kampkes lân
It sânpaad oer de heide, koetsekralen yn ‘e brân
Tsjoenst my mei de giele kleuren fan de brem de maitiid yn
Do litst de sulveren bjirken sjonge op de iere foarjierswyn
Do dûnsest foar my út de petten, jûns mei de wite wiven mei
Ljochtest my mei spoekeblommen, yn tsjustere nachten by
Sjoch yn de brûnzen simmer, dyn waarmte triljen boppe ’t paad
Bringst my de strielen fan de sinne en de koelte fan it skaad
As de hjerst mei lulke flerken, om him hinne slacht
Yn de smoute fan dyn singels, ferliest de stoarm syn macht
De tiid hat dy feroare, geheimen binn’ ferdwûn
As de kleuren dy’t ferblikke yn de lange winterjûn
Al swalkje ik oer de ierde, bin ik langer rûnom thús
Wêr’t myn paden hinne liede, dit bliuwt tusken ús
Dit bliuwt tusken ús
Do dochst de eagen iepen, as ik op dyn keamer kom
Mar as ik dy wat freegje seist amper wat werom
It is as hast dyn eigen wrâld en hear ik der net by
Fertize yn dyn tinzen gjin plakje mear foar my
Fan d’ien op d’oare dei wie it ynienen oer
Oer dyn hân, dyn foet, dyn wurden hiestû net mear it stjoer
Sjoch in glimke om dyn mûle, mar hast wol in goed sin
Seist ‘ja’ as ik dy freegje, mar witstû noch wa’t ik bin
Witstû noch wa’t ik bin
Do fynst net mear de wurden al wolst dat noch sa graach
En ús petear bliuwt stykjen astû seist ‘wat is de fraach’
En no leist dêr op dyn keamer en fynst it sa wol bêst
En seist sûnder te praten ‘lit my no mar mei rêst’
Fan d’ien op d’oare dei wie it ynienen oer
Oer dyn hân, dyn foet, dyn wurden hiestû net mear it stjoer
Sjoch in glimke om dyn mûle, mar hast wol in goed sin
Seist ‘ja’ as ik dy freegje, mar witstû noch wa’t ik bin
Witstû noch wa’t ik bin
Do silst it grif net witte, ik ha ‘t dy nea ferteld
Mar eartiids doe’t ik lyts wie, wiestû myn grutte held
Salang as ‘k dy ken makkestû my oan ‘t laitsjen
De dagen mei dy binn’ ien grut aventoer
Wol inkeld mei dy fan dit libben wat meitsje
Hâldst my op ‘e grûn do joust my stjoer
Want hoe swier ek de stoarm hoe wyld ek it wetter
Hoe tsjuster de nacht kin skûlje by dy
En wat der noch komt binne soargen foar letter
En dan dû en ik wy rêde der mei
Do diest de doar fan myn libben iepen
En earst sûnt dy dei bin ik wa’t ik bin
It is foar my hast net te begripen
Dat safolle lok sa tichtby wêze kin
En hoe swier ek de stoarm hoe wyld ek it wetter
Hoe tsjuster de nacht do kinst skûlje by my
En wat der noch komt binne soargen foar letter
En dan dû en ik wy rêde der mei
Is ‘t in grize dei litst de wolken ferdwine
En ha ik it kâld kin ‘k my waarmje by dy
Ja sels as it reint litstû de sinne noch skine
‘k ha my oan dy bûn en dochs fiel ik my frij
Salang as ‘k dy ken makkestû my oan ‘t laitsjen
De dagen mei dy binn’ ien grut aventoer
Wol inkeld mei dy fan dit libben wat meitsje
Hâldst my op ‘e grûn do joust my stjoer
Hâldst my op ‘e grûn do joust my stjoer
Ik woe wer ris te skiën nei de bergen fan Tiroal
It is al even lyn dat ik dêr wie
Soks is fansels wat oars as op de e-bike nei Tersoal
Hoewol’t ik dat myn libben lang nea die
Mar skiën is krekt as fytsen, tocht ik, soks ferlear je nea
En astû falst falst yn de sêfte snie
Mar elkenien dy sei tsjin my ‘dat wurdt dochs grif dyn dea’
Fan alle kanten kaam der goeie rie
Soest dat no wol dwaan oh soest dat no wol dwaan
Is it dêr winterdeis net fiersten te kâld
Soest dat no wol dwaan oh soest dat no wol dwaan
Wurdstû foar dat soart fratsen net te âld
Dus helle ik yn augustus al de redens foar it ljocht
Al sei myn wyfke doe al ‘bist wol wiis?’
Mar ik koe amper wachtsje op in Alvestêdetocht
Yn sa’n winter fol mei pakken snie en iis
Mar ‘t woe wer ris net frieze dus doe moast ik wol wat oars
Ik koe nei Laplân of de Weissensee
Mar wa ‘t ik it ek frege ik krige it lid fuort op de noas
Gjin inkele freon fûn dat in goed idee
Soest dat no wol dwaan oh soest dat no wol dwaan
Tinkstû dat it iis dy noch wol hâldt
Soest dat no wol dwaan oh soest dat no wol dwaan
Wurdstû foar dat soart fratsen net te âld
Mar achter de geraniums dêr bin’k noch net oan ta
Ik wol ek noch gjin ‘reisje langs de Rijn’
Al bin’k net mear de jongste ik wol aventoeren ha
Want aanst dan is myn kâns foargoed ferflein
Dus soe ik mar te kuierjen lâns it hiele Jabikspaad,
Fan ‘t Bildt oant oan de kust fan Baskenlân
Mar wa’t ik dat fertelde allegear itselde praat
‘Bistû no eins wol goed by dyn ferstân?
Witstû wol hoefoll’ kilometers ast dan rinne moatst
Dat’s mear as sneins dyn rûntsje om ‘e toer
Astû de trep nei boppe rinst hastû al pine op ‘t boarst
Dus bliuw mar thús en praat no net sa stoer
Soest dat no wol dwaan oh soest dat no wol dwaan
Dat hiele ein allinnich oer de wrâld
Soest dat no wol dwaan oh soest dat no wol dwaan
Wurdstû foar dat soart fratsen net te âld
Wurdstû foar dat soart fratsen net te âld
Septimber-storein oer de greiden
De loft is grau en griis en kâld
Ik hear it rûzjen fan de reiden
Yn in sa ferstille wrâld
De hjerst is suver al te rûken
De lêste snee is fan it lân
Read en brún kleurje de tûken
As wie it fan in skildershân
Dan ynienen brekt it iepen
Kleuret de himel read as fjoer
In lêste glimke fan de simmer
Foargoed foarby it is oer
In rychje amputearre wylgen
Stean as wachters oan ‘e feart
As wienen ‘t stramme frontsoldaten
Wachtsjend oant it tij wer keart
In keppel kij stiet yn de dize
De tonge taastet nei it gers
Deidreamjend kin ik my ferlieze
Langjend nei de ivige rêst
En dan ynienen brekt it iepen,
Kleuret de himel read as fjoer
In lêste glimke fan de simmer
Foargoed foarby it is oer
Ea rûnen wy hjir mei ús beiden
O sa fereale hân yn hân
Mar wy lieten los en wy swijden
Gefoel ferlear fan it ferstân
Nea brekt ús himel noch wer iepen
En set ús herten wer yn fjoer
Us leafde as de lêste simmer
Foargoed foarby it is oer
‘t Is winter yn Fryslân glûpende kâld
Waar om binnen te bliuwen
En wylst elkenien hopet op in wite wrâld
Wol ik dêr it leafst net yn leauwe
De kachel dy baarnt net it gas waard te djoer
Dat hie’k wat te let yn ‘e rekken
En hie’k no noch hout hân dan makke ik wol fjoer
Of krûpte ik mei dy gau yn bêd
Mar ik lis hjir allinnich want do bist ferdwûn
Wêrom hastû my sitte litten?
Sochst’ grif wat waarmt’ hast in oarenien fûn
Sitst’ mei him yn syn sauna te switten
Gjin ljocht en gjin lampkes ‘t is tsjuster yn hûs
Ik sit mei wat kearskes te pielen
Wat moat ik ek oars ‘k ha gjin jild by de rûs
En alhiel net foar sinnepanielen
Winter yn Fryslân de loft grau en griis
Wa wit sil it aanst ek noch frieze
Mar ik sit net te wachtsjen op snie en op iis
Woe inkeld datsto hjir noch wiest
Want ach sûnder dy is de waarmte ferdwûn
En ha ‘k it sels kâld yn de sinne
Grif hast’ dyn fjoer oan in oaren ien jûn
En lietst my hjir hielendal allinne
‘k Ha ferlet fan de maitiid de kjeld út myn liif
Om my reint it hjoed noch lij wetter
Dan bin’k grif wat minder krebintich en stiif
En fiel ik my gau wol wer goed
En fiel ik my gau wol wer goed
Der is in tiid fan kommen en der komt in tiid fan gean
Want hoe ‘st it ek besjochst der is in ein oan ús bestean
Ja ek omdat wy deagean elk rekket út ‘e tiid
Mar dizze wrâld ferliest sa stadichoan de lêste striid
Yn in fiere takomst hat de sinne ús ferskroeid
Mar ear’t it dan safier is haww’ wy it sels al lang ferknoeid
Wy tinke al jierrenlang ‘it komt fansels ek wol wer goed’
En as it dan net oars is no dan komt nei ús de floed
Wat bliuwt ús bern en bernsbern wat litt’ wy harren nei
Is dizze ierde aanst wer woest en leech
Meie sy noch hoopje en komt der aanst in dei
Stean wy harren takomst steech en dreech
Der wurdt al jierren praat en sein: ‘t wurdt tiid dat der wat bart
Mar altyd wie der tiid genôch no komm’ wy tiid tekoart
En wat ús ek foarsein wurdt ‘t wol der by ús net yn
Wy libje by de dei ús seil dat hinget nei de wyn
Mar wy krije mar ien kâns safolle is wol wis
Der binn’ gjin plannen B of C dit is wat it is
En wêr’st ek mar yn leaust wy moatt’ it hjir mei dwaan
Wy allinnich kinne dizze wrâld noch takomst jaan
Wat bliuwt ús bern en bernsbern wat litt’ wy harren nei
Is dizze ierde aanst wer woest en leech
Meie sy noch hoopje en komt der aanst in dei
Stean wy harren takomst steech en dreech
Der is in tiid fan kommen en der komt in tiid fan gean
Want hoe ‘st it ek besjochst der is in ein oan ús bestean
Ja ek omdat wy deagean elk rekket út ‘e tiid
Mar dizze wrâld ferliest sa stadichoan de lêste striid, de lêste striid
Ik wit wol tiden hawwe tiden
mar d’ is allang net mear myn tiid
En it is dat ik bern en bernsbern ha
oars hie’k my dêljûn sûnder striid
Mar ik bliuw my dochs fersetten
miskien tsjin better witten yn
Tsjin in wrâld sa fol fan leegte
wêryn it inkeld draaid om skyn
Sjoch dêr sit s’ op in terraske
glêske bubbels bakje fruit
Dikke lippen fan de Botox
en in kleurke út in spuit
Coco Chanel Dior en Gucci
jowe harren libben fleur
En al wol sy it net witte
dit wurdt fansels ek wer in sleur
Grutte ego’s grutte auto’s
Man, man wat in flauwe kul
Grif net mear as kompensaasje
Foar in krimpend klokkespul
Mei op syn pols in gouden Rolex
Fielt hy himsels sa wakker ‘cool’
En mei in glimpke om de lippen
belazert hy de hiele boel
Elkenien is hjoed de dei
syn eigen sintrum van de wrâld
En dat guon oaren dan ferrekke
seit harren neat lit harren kâld
Ik haw in stien ferlein yn in rivier op ierde
It wetter hat in oare loop tenei
De stream fan de rivier lit him net keare
It wetter fynt altyd in oare wei
Wa wit ea fol mei himelwetter
Nimt de rivier myn stientsje mei him mei
En leit ‘m glêd en rûn beslipe
Te rêsten yn ‘e lijte fan de see
Ik haw in stien ferlein yn in rivier op ierde
No bin ik wis dat jim my noait ferjitte
‘k levere bewiis fan myn bestean
Want troch ‘t ferlizzen fan dy iene stien
Sil it wetter nea itselde paad wer gean
Ik haw in stien ferlein yn in rivier op ierde
No bin ik wis dat jim my noait ferjitte
Ik levere it bewiis fan myn bestean
Want troch ‘t ferlizzen fan dy iene stien
Sil it wetter nea itselde paad wer gean