Premjère Frisicana V yn Frjentsjer

  • Bericht auteur:
  • Bericht gepubliceerd op:14 september 2024

It komt no hurd tichterby, de premjère fan Frisicana V – Into the sunset, it nije lietsjesprogramma fan Piter Wilkens, Marcel Smit en ik. Saterdei 28 septimber o.s. is dy premjère yn teater de Koornbeurs yn Frjentsjer. Wy hawwe wer in jûnfoljend programma gearstald fan foaral nije lietsjes út ús eigen Frysktalige repertoire en Ingelsktalige lieten fan Americana-artysten dy’t ús ynspirearre ha. En dus hearre jimme lietsjes fan the Highwaymen, John Gorka, David Ramirez, Creedence Clearwater Revival en noch folle mear. It poadium stiet fol mei ynstruminten, want wy spylje net inkeld op gitaren, mar ek op mandolines, mûlharp en sels in ukelele. Lit jim ferrasse en wês der by. Kaarten: www.theaterdekoornbeurs.nl.