Nei de simmer sette Piter Wilkens, Marcel Smit en ik útein mei de nije toer: Frisicana V – Into the sunset. It wurdt dus de fyfde kear dat wy op ’n paad sille mei in jûn/middeisfoljend programma fan Ingelske en Fryske lietsjes. In lustrum dus en in jubileum, mar wurdt it ek in ôfskied? De titel fan it programma ‘Into the sunset’ soe dêr op wize kinne, mar foar itselde jild is it gewoan it begjin fan in ‘never ending tour’, je witte is by dizze manlju mar noait. Yn alle gefallen hawwe sy wer in nijsgjirrich lietsjesprogramma gearstald mei eigen, foaral ek nije Fryske lietsjes, en al as net oerset repertoire fan Americana-artysten dy’t harren ynspirearre ha. En dus hearre jimme diskear lietsjes fan ûnder oaren the Highwaymen, John Gorka, David Ramirez, Creedence Clearwater Revival, the Turnpike Troubadours en noch folle mear. En it moaie is, wy komme oeral yn de provinsje. Wy begjinne mei twa try-outs op freed 6 septimber yn de Catharina tsjerke fan Leons en op freed 20 spetimber yn it gebou Unitas yn Sint Nyk. Op saterdei/sneon 28 septimber is dan de premjère yn theater de Koornbeurs yn Frjentsjer en dêrnei op noch 15 oare lokaasjes. Sjoch foar data en plakken yn de aginda fan dizze site. Yn de measte gefallen is de kaartferkeap al útseinset.
Frisicana V – Into the sunset
- Bericht auteur:Gurbe Douwstra
- Bericht gepubliceerd op:26 juli 2024